Twitter - Wikipedy Springe nei ynhâld

Twitter

Ut Wikipedy
X

X, dat foarhinne Twitter hiet en yn 'e folksmûle ornaris noch altyd sa neamd wurdt, is in Amerikaansk bedriuw en in ynternettsjinst dêr't brûkers koarte berjochten fan maksimaal 280 tekens mei publisearje kinne. Ynearsten koe in berjocht mar út 140 tekens bestean, mar yn 2017 waard dat tal ferhege nei 280. It is in website dêr't jin, lykas by Facebook en oare social media, in profyl en in avatar oanmjitte kin. It brûken fan de Twitter is fergees.

De aktiviteit by it brûken fan Twitter hjit twitterje (of tweeten), dat 'tsjetterje' betsjut. In Twitterberjocht wurdt tweet neamd. It logo fan Twitter is in fûgeltsje. Twitterje betsjut dat jo op dit stuit kommunisearje fia in mikrowebloch op in pc, in mac of GSM, smartphone of oare mobyl apparaat mei oansluting op it ynternet. De kombinaasje fan weblogjen mei instant messaging wurdt mikroblogjen neamd.

Oarpronklik wie de fraach fan de tsjinst "Wat dochste?". Letter wie dat it "Wat bart der?"[1]. Hjoed-de-dei stiet der "Wat houdt je bezig" ("Wat hâldt dy dwaande"). Elke twitterder kin op elk momint fan de dei yn maksimaal 280 tekens fertelle wêr't hy/sy mei dwaande is, wat hy/sy fan plan is of wat him/har dwaande hâldt. Der binne ek minsken dy't foarôf oankundigje dat se by in evenemint wêze wolle en mei oaren, al as net oanwêzich by it evenemint, twitterje wolle. Dat kreëart in firtuele oanwêzichheid.

Fryske Twitterbutton

Webûntwerpster Liesbeth Hiddema út Reduzum wie dwaande mei in Fryske webside, mar doe't se gjin twitterbuttons yn de 'memmetaal' fine koe makke se sels ien. Fia de Ried fan de Fryske Beweging is sa'n byldkaike yn te laden.

In Stekje (Ingelsk Hash) kombinearre mei ien trefwurd foarmet by Twitter in 'stekwurd' (hashtag). It stekje wurdt sûnder spaasje foar it wurd setten, lykas „#wikipedia “. Yn tsjinstelling mei oare markear-konsepten wurde de stekjes direkt yn it eigentlike berjocht skreaun. Elk wurd dêr't in stekje foar stiet, wurket op dy wize as in mark en kin dêrtroch fûn wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Biz Stone, (in) What's Happening?, Twitter, Inc., 19 nov 2009.