Sloveensk - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sloveensk

Ut Wikipedy

It Sloveensk is in taal yn it skift fan de Slavyske taalgroep. Der binne sa likernôch 2,2 miljoen minsken dy't de taal prate. 2 miljoen wenje yn Sloveenje, Eastenryk, Itaalje en Hongarije. Sa'n 200.000 libje yn Argentynje, Kanada, Austraalje en West-Europa.

It Sloveensk is de offisjele lânstaal fan Sloveenje. Sûnt Sloveenje lid is fan de Europeeske Uny is it Sloveensk ien fan de offisjele wurktalen fan de EU. Yn Eastenryk en Itaalje wenje frij grutte Sloveenske mienskippen, dy't noch Sloveensk prate. Yn Karyntje (Eastenryk), Provinsje Gorizia (Itaalje) en de Provinsje Triest (Itaalje) hat it Sloveensk in offisjele status.

Fonology en grammatika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Sloveensk hat 21 konsonanten en 8 fokalen.

Der binne seis namfallen

  1. Nominatyf (Imenovalnik)
  2. Genityf (Rodilnik)
  3. Datyf (Dajalnik)
  4. Akkusatyf (Tožilnik)
  5. Lokalatyf (Mestnik)
  6. Ynstrumintalis (Orodnik)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikiwurdboek-side - Sloveensk