Kompas - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kompas

Ut Wikipedy
Kompas mei floeistof fold
Si Nan, it earste kompas út Sina

In kompas is in navigaasje-ynstrumint om de rjochting ten opsichte fan it noarden te bepalen.
It tradisjonele magnetyske kompas bestiet út in frije ophongen magneet, dy't him ûnder ynfloed fan it ierdmagnetysk fjild yn in bepaalde rjochting opstelt, wêrtroch't it mooglik wurdt om it magnetyske noarden (Nm) (of it suden (Sm)) oan te wizen.
De spesifike útfiering fan in magnetysk kompas mei ûnder mear kardanyske ophinging foar gebrûk op in skip wurdt wol oantsjutten as skipskompas.

Kompasroas mei ferdieling yn graden en mil (binnenste skaal)

Oarspronklik waard de sirkel yn fjouweren, achten, sechtjinen, 32'n dield wêrby't de rjochting neffens in fêst systeem oantsjutten waard: tusken noard en east kaam noardeast, tusken noard en noardeast noard-noardeast, tusken noard en noardnoardeast noardnoardeast ten noarden, tusaen noard en noardnoardeast ten noarden kaam noardnoardeast ten noarden noard, ensfh. Op dit punt is de kompasroas yn 64 dielen ferdield en foldie dêrmei oan de destiidske behoefte om de koers te bepalen.

De hjoeddeiske kompassen hawwe in yndieling yn 360 graden (rjochtsom, krekt oarsom as wat yn de wiskunde wizânsje is), en algemien wurde de fjouwer haadstreken Noard East Súd en West mei in letter oanjûn. Militêre kompassen hawwe noch wolris in roas dy't ferdield is yn 6400 tûzensten. De reden hjirfoar is dat ien sa'n mil frij goed oerienkomt mei in meter op in kilometer ôfstân. De artillery kin hjirmei by ynsjitten frij ienfâldich it geskut op it doel rjochtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • www.silva.se PDF dokumint mei útlis brûken plaatkompas neffens Silva 1-2-3 systeem.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Kompas